A7-rjochtsaak skorst: rjochter wurdt net goed

08 okt 2018 - 10:47

De rjochtsaak tsjin de 34 'Blokkear-Friezen' is moandeitemoarn fuort nei it begjin tydlik stillein, nei't ien fan de rjochters net goed waard. It Iepenbier Ministearje wie krekt begûn mei it foarlêzen fan de oanklacht oer opruiïng, doe't de man net goed waard.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De rjochter hong efteroer yn syn stoel en moast de seal mei help fan oaren ferlitte. In húsdokter dy't yn de seal siet, hat de rjochter ûndersocht en fûn it ferantwurde dat hy wer oan it wurk gong. Nei hast in oere sette de rjochtsaak op 'e nij útein.

Grutte gefolgen foarkaam

Hie de rjochter net fierder kind, dan hie dit grutte gefolgen hân foar it ferrin fan de saak. De sike rjochter hie dan ferfongen wurde moatten. Dy nije rjochter hie him dan earst ynlêze moatten, wat foar in lang útstel fan de saak soarge hie.

Ferslachjouwer Simone Scheffer oer de skorsing fan de rjochtsitting

Op 18 novimber 2017 blokkearren 34 minsken by De Jouwer de A7 foar anty-Swarte Pyt-demonstranten. Moandei, hast in jier letter, stiene se foar de rjochter. Troch de sneldyk te blokkearjen hawwe de fertochten foar in gefaarlike situaasje soarge. Se binne oanklage foar ferskate saken, lykas it tichtsetten fan de iepenbiere wei en it behinderjen fan in demonstraasje.

(advertinsje)