Frou mishannele by berôving fan har telefoan

08 okt 2018 - 09:22

In 20-jierrige frou út Ljouwert is sneintejûn op de krusing fan de Nijebuorren en Grienewei berôve fan har telefoan. Se waard dêrby sa slim mishannele dat se nei it sikehûs moast.

Smartphone - Foto: Shutterstock.com

De dieder naaide nei de mishanneling út. De plysje sette in sykaksje en in Burgernetmelding op tou, mar koe de man net fine. Neffens de plysje giet it om in donkere, keale man mei in swarte broek en in swarte reinjas oan. De man hat in tattoo fan in trien ûnder ien fan syn eagen. Hy naaide út op in grize fyts.

(advertinsje)