Liveblog | 8 oktober 2018

LIVEBLOG: Blokkearders A7 stean foar de rjochter

Rjochtbankferslachjouwer Auke Zeldenrust folget moandei de hiele dei de saak.
Lêst bywurke: 8 oktober 2018, 19:49
16:51

Auke Zeldenrust oer de earste dei

LIVEBLOG: Auke Zeldenrust oer de earste dei
16:39
It liveblog is no ôfsletten. Tiisdei gean we wer fierder om 09.00 oere. Folgje ús dan ek wer.
16:28

Earste dei dien

Moandei binne 12 fan de 34 fertochten behannele. Tiisdei giet de rjochtsaak fierder om 9.00 oere.
16:21
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer hoe't de rjochtsaak moandei ferrûn is
16:17

Fertochten rinne fuort

De lêste trije fertochten dy't no foarkomme moatte, binne fuortrûn, Neffens Jenny Douwes, dy't oproppen hat ta de blokkade, fiele dizze fertochten harren yntimidearre troch de wize wêrop't de rjochtbank de fertochten moandei ûnderfrege hat. De trije stuollen bliuwe leech en de rjochter giet no ôf op de ferhoaren fan de plysje.
15:23
Fertochte út Paezens: "Ik had er geen rekening mee gehouden, dat ik zou worden aangehouden."