Kollum: "Funda"

Yn dy 3,5 jier dat ik alle moandeis de kollum ha, ha ik jim al aardich wat oer mysels ferteld. Ik doar my sa stadichoan hieltyd mear bleat te jaan. It is sels in bytsje myn favorite tema wurden: mysels bleatjaan. Mar fan hjoed ôf lit ik jim wol hiel tichteby komme. Hjoed wurde nammentlik de foto's fan myn hûs op Funda setten. En earlik is earlik: ik knyp 'm wol in bytsje.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Wa docht it net: jûns mei de tablet op de bank hearlik op Funda sneupe. In bytsje troch in oar syn hûs skarrelje en oeral kommentaar op jaan. Lilke bank, ferskriklike tegeltsjes yn de dûs en moast dy brike keukenkastjes ris sjen. Ik doch it sels ek. It is sa stadichoan in soarte fan ferslaving wurden. Ik koekeloer faker op Funda as op Facebook.
Ik fyn it hearlik om by in oar yn 'e hûs te sjen. In hûs is miskien noch wol it meast private plakje dat der is. Dêr litst net samar ien binnen. Jierrenlang ha ik skreaun foar de rubryk De Markante Woning fan de Friesland Post. Der is neat moaier as yn in bysûndere wenning ideeën foar thús op dwaan. Ik ha wit hoe faak tocht: 'Oooh, as ik letter oait sa moai wenje mocht'. Mar oft ik dan ek in sjoernalist oer de flier ha woe om alles op de foto te setten? Leaver net. Myn hûs is myn eigen, dêr hoecht net elkenien yn te sjen.
Mar no is it dus al sa fier. Fan hjoed ôf stiet myn hûs op Funda. Ofrûne freed is de fotograaf west en hat alles fan boppe oant ûnder op 'e foto set. Fan hjoed ôf kinne jim dus ek by my thús yn 'e keet koekeloere. Kommentaar jaan op myn guod. Myn bank, myn dûs en myn keukenkastjes. Sterker noch: jim kinne sels by my yn de sliepkeamer sjen. Ik ha it bêd spesjaal foar de foto's efkes kreas opmakke, mar fierder is alles itselde. Jakkes, dit fielt wol hiel neaken. Ik fyn it dea-eng.
Want wist wêr't ik stikem benaud foar bin? Dat it jim aanst sa ôffalt. Dat jim yn dy 3,5 jier sels in byld fan my makke hawwe en dus ek fan myn hûs en dat alles no tsjinfalt. Krekt as by in boek dat ferfilme is. Dat falt ek altyd in bytsje ôf, omdatst as lêzer sels al dyn ynfulling jûn hast oan de haadpersoan en syn omjouwing. En dat is dan krekt wat oars as yn de film. Minder moai meastentiids.
Jim ha fêst ek wol in byld by myn kantoar, it plak dêr't ik al dizze kollums skriuw. Sa'n gesellich buro fol mei mappen en fellen papier en in grut raam dêr't ik genietsje fan it wiidweidige útsicht oer it doarpke Aldegea mei yn it midden ús prachtige tsjerketoer. Ah jonge nee, neat fan wier. Ik sjoch út op de fertutearze tún fan de buorlju. Neat romantysk oan.
En dy tún fan my, dêr't ik alle simmers myn kninen losrinne liet om't ik hearlik streepleas brún wurde wol. Dêr ha jim fansels ek in byld by. In moaie, griene oaze, mei in lúkse lisstoel, in djoere túnset en in grutte parasol mei dêrûnder in lyts barke fol cocktails. Hmmm. Mar it is eins gewoan in stiennen pleintsje, mei in grutte griene hage fol spinnewebben en in túntsje dat oerwoekere wurdt troch ûnkrûd.
Is der dan neat dêr'st wol wiis op bist; hear ik jim tinken. Gelokkich wol. Der is ien ding dêr't ik it ek yn myn kollums oer hân ha en dêr't ik wol oergryslik grutsk op bin. Us relaasjetest-trep. Dy is nei 5 moanne einliks ôf. 'Bloed, zweet en tranen' sitte der yn, mar de trep is klear. Dus wa't no tinkt: ik bin wol benijd wêr't dat frommes it de ôfrûne tiid sa drok mei hân hat; be my guest en kom digitaal efkes del. Langdeel 7, Funda hjit jim fan herte wolkom.