Skylge kriget sterkere seediken

De wetterkearing op Skylge wurdt de kommende moannen fersterke. Op 22 plakken wurdt ekstra sân oanbrocht. It giet om swakke plekken yn de dunen. Dy sitte yn de dunen efter Midslân oan See, Hoorn en Easterein.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dy folsleine wetterkearing foldocht noch oan alle wetlike easken, sa lit Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat witte. It sân moat der foar soargje dat dit de kommende fyftich jier ek sa bliuwt. It sân wurdt wûn út de dunen efter Formearum. Dêr leit in âlde sândyk. Minsken fan Steatsboskbehear hâlde yn 'e gaten oft dat net ten koste giet fan de natoer.
Mei inoar wurdt der 13-tûzen kubike meter sân ferpleatst. It wurk nimt sa'n twa moannen yn beslach en moat begjin desimber klear wêze.
Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat