Publyk genietet fan lêste show De Stormruiter

08 okt 2018 - 06:16

De lêste kear op it hynder, de lêste kear alle sjeazen mei hynders klearmeitsje, de lêste kear de muzyk en foar de lêste kear in ovasjoneel applaus yn ûntfangst nimme. Sneintejûn kaam der in ein oan De Stormruiter. It stik is 22 kear opfierd de ôfrûne wiken. Hast alle kearen wie it sa goed as útferkocht; der kamen sa'n 105-tûzen besikers op ôf. It wie ien fan de grutste foarstellings fan Kulturele Haadstêd.

Deun efter de skermen falle de akteurs inoar nei it lêste applaus yn de earms. De emoasjes rinne somtiden heech op. Se klopje inoar op it skouder en fertelle harren ferhaal oer de foarstelling. Dat it koar oan it begjin fan de foarstelling wiet spuite waard nei in steuring yn ien fan de wetterliedings. En dat se hast ferklomme binne troch it wachtsjen efter de skermen.

Het was gewoon een fantastische tijd.

Regisseur Jos Thie

Foar regisseur Jos Thie is de ûntlading grut: "Ja, enorm. Dit is een groot succes geworden. Ik vond het echt mooi om te maken. Ik kan hier nu veel emoties aan toevoegen maar dat laat ik aan het publiek over. Het was gewoon een fantastische tijd."

Thie is ek it bestjoer fan Stifting Faderpaard tankber: "Zij hebben een enorm risico genomen. We stonden er alleen voor en het is gewoon gelukt."

Spilers en frijwilligers nei de lêste show fan De Stormruiter

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Annemaaike Bakker is ien fan de haadrolspilers. Se spile de rol fan Elke, de frou fan Hauke Haien, de dykgraaf. "Ik fiel my no in bytsje leech, sa nei dizze lêste foarstelling. It wie gewoan hiel bysûnder. We ha it mei syn allen dien. Betink dat der ferskate minsken út alle hoeken hjir mei-inoar gearwurkje. En alles rint sa soepel!"

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Bakker sjocht dan ek tefreden werom op de 22 kear dat se de foarstelling spylje mocht: "Ik fûn it ek hiel tof om mei Jos Thie te wurkjen. En dat yn sa'n grutte foarstelling. Foar in foarstelling sjochst wolris efkes om it hoekje en tinkst: ja, wer fol. Doe't wy noch trije kear moasten, seine wy tsjin inoar dat der noch 15.000 minsken it stik sjen soene. Dat is bizar! Ik ha wol yn stikken spile dat we sa'n oantal net iens hellen yn in folsleine tour."

Ofskied mei mingde gefoelens

Efter de skermen ha de frijwilligers dy't op de sjeas sitte mingde gefoelens. "It is spitich dat it foarby is, want it wie echt hiel leuk om te dwaan. Oan de oare kant bist bliid dat wy weromsjen kinne op in goed slagge show."

Ik sit al 40, 50 jier yn it fak en dit is gewoan unyk.

Akteur Freark Smink

Freark Smink spile de âlde dykgraaf, de heit fan Elke: "Ik bin sa bliid dat ik dit meimakke ha. Ik sit al 40, 50 jier yn it fak en dit is gewoan unyk. Sa bysûnder dat eltsenien sa goed gearwurket en dat der in foarstelling stiet. En dat alles rint sûnder ûngemakken of wat dan ek, mei ûnderling ek noch in fantastyske sfear."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

En doe wie it hielendal klear

Foar elkenien dy't it hynstespektakel misse moast en besikers dy't nochris neigenietsje wolle, sil De Stormruiter ein desimber te sjen wêze by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)