Omrop Fryslân docht ferslach fan rjochtsaak A7-blokkearders

08 okt 2018 - 06:15

Yn de rjochtbank yn Ljouwert set moandei de saak útein tsjin 34 fertochten fan de A7-blokkade. Se moatte har ferantwurdzje foar it blokkearjen fan de sneldyk op 18 novimber ferline jier. Dêrtroch ûntstie der in gefaarlike situaasje en holden se in demonstraasje tsjin fan de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet by de lanlike Sinteklaasyntocht yn Dokkum.

Foto: ANP

De rjochtbank ferwachtet in soad belangstelling. De foar- en tsjinstanners kinne it proses op skermen folgje yn oare sittingssealen. Foar de sitting binne fjouwer dagen útlutsen; moandei, tiisdei, tongersdei en freed.

Omrop Fryslân by de sitting

Omrop Fryslân docht alle dagen ferslach fan binnen en bûten de rjochtbank fia ynternet, radio en telefyzje. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sit moandei yn de rjochtseal en hâldt in liveblog by, dat te folgjen is op de webside fan Omrop Fryslân. Ferslachjouwer Simone Scheffer folget de situaasje bûten de rjochtbank.

De Swarte Pite-diskusje sil net te missen wêze.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust leit út hoe't de saak de kommende dagen behannele wurde sil. "Op moandei en tiisdei wurde de fertochten mei syn trijen tagelyk heard. Op tongersdei sil de alderlêste fertochte heard wurde en komt ek de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet oan it wurd. Op freed sil de offisier fan justysje de eask bekend meitsje."

Swarte Pite-diskusje

Njonken de rjochtsaak sil it de kommende dagen ek wer oer de Swarte Pite-diskusje gean, ferwachtet Auke Zeldenrust. "De rjochtbank seit mei klam dat it om de saak giet, mar dizze diskusje leit ten grûnslach oan de hiele saak. It kin net misse dat minsken ek dêr wer oer prate sille."

Auke Zeldenrust sjocht foarut op de rjochtsaak

(advertinsje)