Benefyt foar Sulawesi smyt 12.650 euro op

07 okt 2018 - 21:09

De benefytmiddei Super Kumpulan hat 12.650 euro opsmiten. De aksje fûn plak yn Zalen Schaaf yn Ljouwert, en wie de ôfsluter fan de Yndysk-Molukse wike fan Lân fan taal. It jild waard ophelle foar kânsearme jongeren op it eilân Sulawesi troch de Ljouwerter stiftings Amurang en Awas Kaki. Amurang is yn 2004 oprjochte troch de Ljouwerter Ritsko van Vliet. Awas Kaki hat in fuotbalskoalle foar kânsearme bern op Java.

De band Crazyrockers spile by de benefyt - Foto: Ritsko van Vliet

Sulawesi waard op 28 septimber troffen troch in ierdbeving en in tsunami. De benefytmiddei en de Yndysk-Molukse wike wiene fansels al folle langer pland, mar krigen troch de tsunami in hiel oare lading.

"Met ons hart zijn we er heel dichtbij"

It bedrach fan 12.650 euro bestiet út twa dielen. It earste part fan 6.650 euro waard ophelle mei in ynsammelingsaksje yn talepaviljoen MeM. De benefytmiddei in Schaaf levere nochris 6.000 euro ekstra op.

Organisator Ritsko van Vliet hat al jierren bannen mei Sulawesi. "Mijn moeder is daar geboren. Gelukkig zijn de gebouwen van onze stichting niet fysiek getroffen, maar we zijn wel emotioneel geraakt. We zitten op afstand, maar met ons hart zijn we er heel dichtbij. Pastor Jacob wist een tijd niet hoe het met zijn familie was gesteld. Dat grijpt je wel aan. Gelukkig weet hij nu dat zijn familie veilig is."

Nei Sulawesi ta

Op 9 oktober reizget Van Vliet mei in groep studinten fan it Friesland College om edukaasjeprojekten op te starten. Dat is yn it noarden fan Sulawesi, dus hy giet net nei it rampgebiet om de helpferlieners net foar de fuotten te rinnen.

Ferline wike wie Ritsko van Vliet te gast yn Fryslân Hjoed om te praten oer de ramp op Sulawesi en de help dy't syn stifting oan it eilân jout.

(advertinsje)