UNIS Flyers winne fan Amsterdam Tigers

07 okt 2018 - 19:10

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneintejûn yn it bekerduel mei Amsterdam Tigers mei 7-0 wûn. Grutte man by de Flyers wie Ronald Wurm mei 3 goals.

Yn de earste perioade makken de Flyers it ferskil. Al nei seis minuten wie it Ronald Wurm dy't de skoare iepene. Tsien minuten letter makke Wurm ek de 2-0, en krekt foar it skoft makke hy syn hattrick kompleet.

Flyers breidzje foarsprong fierder út

Yn de twadde perioade hiene de Amsterdam Tigers in pear kear in man minder op it iis mei de powerplay, mar dêr koene de Flyers net fan profitearje. Uteinlik wie it Jasper Nordemann dy't de 4-0 op it skoareboerd sette nei goed tariedend wurk fan Tobie Collard en Rick Neef.

De tredde perioade wie goed trije minuten ûnderweis doe't Marco Postma der 5-0 fan makke nei in moaie pass fan Collard. Sân minuten foar tiid wie it de Italiaan Pippo Limnell dy't de 6-0 makke. Noch gjin minút letter wie it al 7-0 nei in goal fan Kevin Nijland.

(advertinsje)