KNRM hellet man út drek op Skylge

07 okt 2018 - 18:04

De KNRM hat sneintemiddei in persoan rêden dy't yn de problemen rekke wie op de Noordvaarder.

Doe't dy melding binnenkaam yn it sintrum fan de Kustwacht koene de helptsjinsten de persoan earst net fine. Mei tank oan de ferkearslieder op fjoertoer de Brandaris koene se de persoan dochs lokalisearje. Dy siet doe al oant syn middel fêst.

Trefwurden: 
Skylge KNRM
(advertinsje)