Marten Kooistra wint Parijs-Tours foar beloften

Marten Kooistra fan Jonkerslân hat op yndrukwekkende wize de oerwinning pakt yn de klassiker Parijs-Tours foar beloften. De hurdfytser fan SEG Racing Academy sprong mei noch 50 kilometer te gean fuort út it peloton en seach net mear om. Hy kaam solo oer de finish.
Erik Resell út Noarwegen waard twadde op 55 sekonden fan Kooistra. It tredde plak wie foar de Nederlanner Nils Eekhoff.