FIDEO: Follybal Set-Up '65 tsjin VC Snits
De follybalfroulju fan Snits binne sneontejûn mei ferlies oan it earedifyzjeseizoen begûn. Yn Ootmarsum moasten de froulju oan de bak tsjin Set-Up '65. Se ferlearen mei 3-1.
FIDEO: Follybal Set Up '65 tsjin VC Snits
Oanfierder Roos van Wijnen is mei har 26 jier de rûtinier fan VC Snits. Nettsjinsteande it ferlies yn Ootmarsum sjocht Van Wijnen dat der in soad rek yn dizze nije jonge seleksje sit. It doel om dit seizoen yn de top-6 te einigjen liket dan ek helber.