Eigener keppel skiep siket fernielers netten yn Koatstertille

Skieppebedriuw 'By de hân' út Lippenhuzen siket de dieders fan fernielings fan har netten. Dy stiene sneon om har keppel skiep hinne, doe't dy by de sporthal yn Koatstertille stie.
De skiep fan By de hân © Facebook-side By de hân
Neffens By de hân is dat net alllinne skande fan de netten, mar kin it foaral ek foar ûnfeilige situaasjes soargje as de skiep losrinne. De skiep wurde troch de gemeente Achtkarspelen sûnt dit jier ynhierd foar it ûnderhâld fan grien. "Is er iemand iets gezien heeft? Dan horen wij het heel graag!", skriuwt By de hân op syn Facebook-side.
© Facebook - Schaapskudde By de Han
Martin Reitsma fan By de hân