Bikkelrun yn Ljouwert grut sukses
Sa'n 1600 dielnimmers ha snein meidien oan de bikkel surivalrun yn Ljouwert. Gewoanwei is it parkoers by de Griene Stjer bûten Ljouwert, mar fanwegen de Kulturele Haadstêd wie it no foar in grut part yn de binnenstêd. De start en finish wie op it Saailân. Der wie in parkoers fan 7 en 12 kilometer. Njonken de binnenstêd moasten de dielnimmers troch de Prinsetún, it Rengerspark en de Ljouwerter bosk.
Bikkelrun yn Ljouwert grut súkses
Nederlânsk Kampioenskip middellange ôfstân
De bikkelrun wie ûnderdiel fan it Nederlânsk Kampioenskip middellange ôfstân fan de Nederlandse Survival Bond. By de froulju wûn Lenneke van der Heide fan It Hearrenfean, dy't Sanne de Jonge út Dronten mear dan in heale minút foar bleaun. Florence van Helten út Tricht waard tredde. By de manlju wûn Thom van Cappellen út Swolle foar Kerst Wind út Eastersee. Ruben Dinkelman út Lochem wie tredde.
Organisaasje tige tefreden
Marcel Copini fan de organisaasje is tige tefreden oer de bikkelrun yn de stêd: "De Groene Ster is natuurlijk ook goed bereikbaar voor de mensen. Maar je zit hier middenin de stad, iedereen kon al dagenlang meegenieten van de opbouw. En bij de run vandaag krijg je zoveel aanloop, er komen zoveel meer mensen kijken. Dat is wel heel leuk voor de sport."