Skoalbern op útnûging Wetterskip nei De Stormruiter

07 okt 2018 - 15:09

In skoalklas út Ljouwert en ien út Amersfoort ha op útnûging fan ûnder oare it Wetterskip Fryslân de foarstelling De Stormruiter sjoen. It giet om in inisjatyf fan stifting Faderpaard en hat as doel om bern yn de kunde komme te litten mei kultuer en wetterfeiligens.

Foto: Stormruiter

De bern krigen in VIP behanneling. Sa waarden se ûntfongen troch dykgraaf Paul van Erkelens en haadrolspiler Jelle de Jong. It is net de earste groep dy't op útnûging fan de stifting Faderpaard komt. Sa kaam yn de wike tsjin de iensumens in groep mei kwetsbere âlderein. Ek in groep mantelsoargers en de minsken dy't fersoargje binne útnûge foar de foarstelling.

De stichting fynt it fan belang dat safolle mooglik minsken dielnimme kinne oan it programma fan Kulturele Haadstêd.

Trefwurden: 
De Stormruiter wetterskip
(advertinsje)
(advertinsje)