Burgumer kriget lintsje foar wurk foar tsjerke en lokale omrop

"Een loyale medewerker, die je altijd kunt bellen om een probleem op te lossen", sa typearje kollega's fan lokale omrop RTV Kanaal 30 Kees Haremaker. Haremaker (79) waard snein keninklik ûnderskieden foar syn ynset foar de lokale omrop, mar ek foar syn wurk foar de menistegemeente yn Feanwâlden.
Lintsje foar Kees Haremaker © Jan Kamminga
Al sûnt 1990 set Haremaker him op meardere fronten yn foar de Menistegemeente. Net allinne yn bestjoersfunksjes yn de tsjerkeried, mar ek helpt er leden fertroud te reitsjen mei de kompjûter, soarget er foar fersprieding fan it nijs út de tsjerke en stiet er elk by mei technyske rie en die.
By Kanaal 30 wie Haremaker ferantwurdlik foar de yntroduksje fan fideo en dêrmei de telefyzje-ôfdieling. By de omrop hat er ek in eigen muzykprogramma.
Kees Haremaker krige syn ûnderskieding út namme fan boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel by de fiering fan de lanlike Broederschapsdag yn de Menistetsjerke fan Feanwâlden.