Anty-Swarte Pyt aktivisten roppe meistanners op om tongersdei nei Ljouwert te kommen

Tsjinstanners fan Swarte Pyt roppe harren sympatisanten op tongersdei nei de rjochtbank yn Ljouwert te kommen. Op dy dei krije de tsjinstanners, feriene yn de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet, sprekrjocht as beneidielde partij. De groep hat op Facebook in oprop dien massaal nei Ljouwert te kommen.
© Omrop Fryslân, Alle Faber

De saak tsjin 34 fertochten

Yn de rjochtbank yn Ljouwert set moandei de saak útein tsjin 34 fertochten fan de A7-blokkade. Se moatte har ferantwurdzje foar it blokkearjen fan de sneldyk op 18 novimber ferline jier, mei as gefolch in gefaarlike situaasje en it tsjinhâlden fan in demonstraasje.
De rjochtbank ferwachtet in soad belangstelling. De foar- en tsjinstanners kinne it proses op skermen folgje yn oare sittingssealen.

Omrop Fryslân by de sitting

Foar de sitting binne fjouwer dagen útlutsen; moandei, tiisdei, tongersdei en freed. Omrop Fryslân docht alle dagen ferslach fan binnen en bûten de rjochtbank.