Maarten van der Weijden betanket frijwilligers

07 okt 2018 - 13:11

Maarten van der Weijden wie sneon efkes werom yn Fryslân. Hy kaam spesjaal nei Drylts, om alle frijwilligers dy't by syn swimtocht yn it spier wiene te betankjen.

Foto: foto Facebook

De alvestêdeswimtocht wie yn it wykein fan 18 en 19 augustus en groeide út ta in nasjonaal evenemint. Der moasten in hiel soad frijwilligers ynset wurde om de tocht te begelieden.

Sneontejûn wie der in soarte fan reüny fan alle minsken en bedriuwen dy't meiwurke hawwe oan de tocht. In tal bedriuwen hat fergees meiwurke. Van der Weijden spruts de minsken ta en ek Piet Paulusma kaam del.

(advertinsje)
(advertinsje)