Omrin pleatst nije stoomliedingen yn ôffaloven om steuringen foar te kommen

07 okt 2018 - 12:41

Offalferwurker Omrin pleatst yn maart takom jier nije stoomliedingen yn de ôffaloven. Dizze maatregel moat lekkaazjes en steuringen sa as dy fan sneon foarkomme. Dat seit Omrin-direkteur John Vernooij.

Foto: Facebook, Jan Zijlstra

Brânwacht op ûndersyk yn Harns

Sneontemiddei bruts ien fan de stoomliedingen dy't yn de tsjettel sitte. De oven is fuort stillein. It slagge lykwols net al it ôffal fan it ferbrâningsroaster te krijen. It gefolch wie dat dat letter wer begûn te smeulen en foar in soad stankoerlêst soarge yn Harns. De brânwacht waard sneontejûn let oproppen om te helpen by it útmeitsjen.

Mjitploegen ha yn Harns en omkriten mjittingen dien, om te sjen oft der gefaarlike stoffen frijkaam binne. Ut de stêd Harns en it doarp Mullum wei kamen in soad klachten oer stankoerlêst.

Nije pipen yn bestelling

Omrin-direkteur John Vernooij is ek net bliid mei de oerlêst. Hy wachtet de útkomsten fan it ûndersyk fan de brânwacht ôf, mar ferwachtet net dat der giftige stoffen frijkaam binne. "Dat er een leiding breekt is niet ongewoon in een afvaloven. De gassen tasten het metaal aan. Dan kan zo'n leiding knappen", seit Vernooij.

Omrin is dwaande mei in permaninte oplossing: "We plaatsen straks leidingen met een extra beschermde laag. Die laag moet de pijpen dan beter beschermen." Omrin woe de oanpassing al earder dwaan, mar op de pipen sit in lange levertiid.

Provinsje wol opheldering fan Omrin

De provinsje giet oer de fergunning fan de ôffaloven. In wurdfierder stelt dat sy opheldering ha wolle fan Omrin oer wat der bard is. Dan wurdt ek besjoen oft alle regels en ôfspraken goed neilibbe binne.

(advertinsje)