UPDATE: Plysje Noardeast-Fryslân hat fermiste Kever-rider fûn

07 okt 2018 - 10:46

Nei in melding fan in opmerksume boarger hat de plysje sneintemoarn in fermiste ynwenner fan Noardeast-Fryslân oantroffen. De man wie sneon fuortriden yn in VW Kever, sûnder dat bekend wie wêrhinne. Sjoen syn gemoedstastân makke de famylje him bot soargen. De plysje rôp fia sosjale media de help yn fan it publyk.

Neffens de plysje wurdt der helpferliening foar de man ynskeakele. Fia sosjale media betanket de plysje elkenien dy't ynformaasje jûn hat.

(advertinsje)