Flybjende Ljouwerter oanholden yn kroech oan Ruterskertier

07 okt 2018 - 09:25

In 19-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanholden yn in kroech oan it Ruterskertier yn Ljouwert. Hy bedrige en mishannele neffens de plysje in portier. In oare portier hie hy yn it gesicht flibe.

Foto: Omrop Fryslân

By syn oanhâlding mishannele en misledige de man in tal plysjeminsken. Ek doe flibe hy wer in plysje yn it gesicht. De fertochte hat dêrnei in masker opset krigen.

De Ljouwerter hat in kollektyf hoarekaferbod krigen en is yn de sel set.

Opskuor

Letter yn 'e nacht wie der opksuor op it Reigerplein yn de Fryske haadstêd. In 39-jierrige Ljouwerter pakte meardere kearen syn fyts op en drige dermei te slaan. Hy waard úteinlik oanholden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.

De man moast op it buro in alkoholtest dwaan. Dêrút die bliken dat er fierstente folle drank op hie.

(advertinsje)
(advertinsje)