Olde Riekerink bliid mei 5-0 winst SC Hearrenfean, mar it wie "niet spectaculair"

SC Hearrenfean wint mei romme sifers fan De Graafschap
Nei seis wedstriden sûnder oerwinning slagge SC Hearrenfean der sneontejûn dan einliks yn om de winst te pakken. En de ploech fan trainer Jan Olde Riekerink die dat mei romme sifers. Yn Doetinchem waard De Graafschap fan trainer Henk de Jong mei 5-0 oan de kant set.
Trainer Jan Olde Riekerink fan SC Hearrenfean © www.orange-pictures.nl
Olde Riekerink wie bliid mei de winst, mar dochs net hiel entûsjast. "Ik ben vooral blij met hoe we het hebben uitgevoerd, de eerste helft en eigenlijk ook de tweede helft, maar ik vond het niet spectaculair. We werden wat slordig. Maar allerlei dingetjes vielen deze keer net op hun plaats."
In soad ferskil mei de wedstriid fan ferline wike tsjin ADO (1-1) seach Olde Riekerink dan ek net. "We hebben een aantal dingen hetzelfde gedaan als vorige week, alleen veel beter."
Nettsjinsteande de romme oerwinning bliuwt de trainer fan SC Hearrenfean foarsichtich, ek mei it each op de kommende thúswedstriid sneon tsjin Ajax. "We weten de kwaliteiten die we hebben. Het is nu pas één wedstrijd dat die eruit komen, dus we moeten ook niet van de bergen gaan schreeuwen dat we het hebben uitgevonden."
Sam Lammers
Spits Sam Lammers skoarde al frij gau yn de wedstriid twa doelpunten. "Vooral die eerste zat er heel lekker in. Die tweede trouwens ook wel, een stiftje." Neffens Lammers hat de ploech net folle lêst hân fan de druk fan de lêste tiid. "We zijn rustig gebleven. We spelen goed in de eerste helft en we zijn gelukkig productief. We scoren gelijk vier keer in de eerste helft en dan is de wedstrijd gewoon klaar."
Michel Vlap
Ek Michel Vlap wist twa goals te skoaren, flak efterinoar. "Ik denk zelfs dat we nog meer hadden kunnen maken. Ikzelf ook. Ik baal dat ik die hattrick niet kon maken", seit er oer in miste kâns. "Maar het was een fantastische wedstrijd."
Henk de Jong
In berêstende trainer Henk de Jong fan De Graafschap koe der net oer meiprate. Hy moast belies jaan, mar dochs hie er positive wurden foar de Friezen. "It wie in hiel ferfelende jûn. Mar Hearrenfean wie op alle flakken better as ús. Foaral yn snelheid en yn aksje, wy koene it net berinne. In terjochte oerwinning."