UCF: Ynternasjonale studinten studearje en libje mei elkoar

Sûnt septimber hat Fryslân in eigen universiteit: University College Fryslân. In lytse 30 ynternasjonale studinten dogge de stúdzje 'Global Responsibility and Leadership', in nije stúdzje dy't ek in hiel nije opset krigen hat.
Jim van Marle, ien fan de studinten © Omrop Fryslân
Yn trije jier kinne de studinten harren bachelor helje, dêrnei kinne se noch trochstudearje foar in master. De stúdzje is hiel ynternasjonaal en liedt de studinten op ta ferantwurdlike liedingjaanden.
Meiinoar moatte we in 'community' foarmje.
Jim van Marle
Jim van Marle is hikke en tein yn Ljouwert en folget dizze stúdzje. Hy fermakket him oant no ta prima. "Wy ha op skoalle net safolle lessen, it is de bedoeling dat wy in hiel soad sels dogge. Dêrby moatte wy elkoar helpe; fan elkoars sterke punten gebrûk meitsje".
Om dat makliker te meitsjen, hat de universiteit derfoar keazen om alle studinten yn ien gebou te húsfestjen. Sa kinne se maklik nei inoar ta rinne om help te freegjen, yn groepen ûndersiken út te fieren en it is ek de bedoeling dat se mei elkoar dingen organisearje.
Wij hebben er veel plezier in.
prof. dr. Andrej Zwitter
Andrej Zwitter © Rijks Universiteit Groningen
Dekaan prof. dr. Andrej Zwitter út Eastenryk is optein oer de nije stúdzje. "Wij zoeken naar vernieuwing in het onderwijs, het met 200 man in een collegezaal twee uur lang luisteren naar een professor en aantekeningen maken, is niet meer van deze tijd. Wij noemen onze studenten ook 'student-researchers' wat al impliceert dat de studenten zeer veel onderzoek moeten doen".
De universiteit hat no in tsiental wiken ûnderfining mei de stúdzje yn Ljouwert en is tige tefreden.
Geartsje de Vries prate mei de studinten
De repertaazje is te hearren yn Buro de Vries op sneintemoarn tusken 11 en 13 oere.