Brânwacht wie by ôffaloven REC yn Harns

06 okt 2018 - 22:56

De brânwacht hat sneontejûn holpen by it blussen fan restôffal yn ôffaloven yn Harns. Middeis wie der al in steuring. It bleau smeulen en dat soarge benammen foar in soad stankoerlêst. Om fierdere oerlêst foar te kommen is om healwei alven hinne opskaald nei middelbrân.

Foto: Srfotografie

Om healwei tolven hie de brânwacht alles ûnder kontrôle en wiene de lêste resten ôffal út. De eigen ploegen fan Omrin ha ek in skoft dwaande west mei bluswurk. It slagge net om it fjoer út te krijen. Dêrom waard de help fan de brânwacht ynroppen.

Oerdeis wienen der tal fan meldingen oer stankoerlêst yn de stêd. Dy is in gefolch fan in steuring yn de REC. De brânwacht hat mjitploegen ynset om te sjen oft der gefaarlike stoffen frijkaam binne.

Trefwurden: 
Harns brânwacht REC Omrin stank
(advertinsje)
(advertinsje)