Hynstetram soarget foar file op A7 by Beetstersweach

06 okt 2018 - 22:32

De A7 hat om 20.00 oere hinne in skoft ôfsletten west fanwegen in ûngelok. Foarby de ôfslach nei Beetstersweach wie in hynstetram oer de kop slein.

Foto: Srfotografie

De bestjoerder ried yn in bestelbus, mei dêrefter de hynstetram, oer de A7 doe't beide troch ûnbekende oarsaak oer de kop sloegen. De hynstetram belâne op 'e sydkant en rekke flink skansearre. De brokstikken fan de tram leinen ferspraat oer de A7.

Omdat der twa bergingsweinen oan te pas komme moasten, waard de hiele dyk yn de rjochting fan Beetstersweach nei It Hearrenfean ôfsletten. Dêrtroch ûntstie der in kilometerslange file. Nei it bergjen fan de hynstetram waard de A7 skjinfage en wer frijjûn.

By it ûngelok rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
A7 Beetstersweach hynstetram
(advertinsje)