Basketballers Aris winne op nipperke earste wedstriid fan Den Helder Suns

06 okt 2018 - 21:48

Aris hat sneontejûn yn Den Helder de spannende útwedstriid yn de lêste sekonden wûn mei 68-67 fan Den Helder Suns.

Basketbal - Foto: Shutterstock.com

Nei it earste kwart hienen de Ljouwerters goede saken dien. De stân wie 14-20. Nei rêst wienen de Ljouwerters lykwols op achterstân kommen: 33-28. Dy achterstân koenen se ek net mear ynhelje, Aris koe net yn it ritme komme.

Nei it tredde kwart wie it 58-42. Op fiif minuten foar de ein fan wedstriid wie it 65-52. Mar doe kamen de Ljouwerters dochs noch werom.

Mei noch alve sekonden op de klok wie de stân 67-68 en wûn Aris dus dochs noch. Yn it lêste kwart hienen de Ljouwerters 17 punten ynhelle.

It wie de earste wedstriid fan de Ljouwerter basketbalklup yn it fyftjinde seizoen op rige yn de Dutch Basketball League (DBL), de heechste difyzje yn it Nederlânske basketbal.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)