Snitser follybalfroulju ferlieze mei 3-1 fan Set-Up '65

De follybalfroulju fan Snits binne sneontejûn mei ferlies oan it earedifyzjeseizoen begûn. Yn Ootmarsum moasten de froulju oan de bak tsjin Set-Up '65. Se ferlearen mei 3-1.
Snitser follybalfroulju ferlieze mei 3-1 fan Set-Up '65
Yn de earste set kaam VC Snits wol werom fan in achterstân, mar dochs wûn Set-Up oertsjûgjend de earste set mei 25-16 nei in goede searje fan sân opslaggen fan de thúsploech
Yn de twadde set naam de thúsploech earst de lieding, mar de Snitsers kamen werom. Lang gie it lykop, mar nei de time-out rûnen de Friezen út en wûnen se de set mei 25-20.
De tredde set gie lang lykop. Nei in protest fan VC-Snitstrainer Paul Oosterhof op 16-16, kende de skiedsrjochter dat ta en wie it foardiel foar de Snitsers. Faak wie de stân gelyk, beide teams wienen oan elkoar oan weage.

Giele kaart

Oan de ein fan de tredde set krige coach Oosterhof in giele kaart fan de skiedsrjochter. Hy hie him wat te entûsjast mei de wedstriid bemuoid. Dy set einige úteinlik yn 25-20 foar Set-Up.
De Friezinnen moasten fol oan de bak yn de fjirde set om de wedstriid te oerlibjen. Dat slagge net echt, op in stuit wie it ferskil acht punten op in stân fan 16-8. Set-Up rûn fierder út nei 20-8 en like dêrmei op wei te wêzen nei de earste seizoensoerwinning. Op matchpoint 24-10 like it hast dien, mar Snits kaam dochs noch even werom. Troch in technyske flater kaam der dochs in ein oan de wedstriid mei in stân fan 25-14.
© Omrop Fryslân

Knokke

It wie in fertsjinne nederlaach foar Snits, mar der hie mear ynsitten, benammen yn de tredde set. Mar Snits hie gjin antwurd op in searje goede opslaggen fan Set-Up. De Fryske ploech hat deeglik sjen litten dat se knokke kinne.
"De kanonskogels vanuit Set-Up die hebben ons vandaag gewoon de das om gedaan. Daar hadden we vandaag geen antwoord op. Zo simpel is het. Ik ben teleurgesteld over het verlies, maar daar moet je je in berusten. Aan ons de taak om aankomende zaterdag beter voor de dag te komen", sei coach Paul Oosterhof.
Dizze wedstriid wie it debút fan de nije coach Paul Oosterhof. Neist de nije coach wienen dit seizoen ek fiif nije spylsters fan de âlde klup fan de coach, Veracles, meikommen.
De wedstriid wie streekrjocht te sjen op de webside fan Omrop Fryslân en yn de Omropapp.