André Kuipers makket Feanster bern entûsjast foar technyk
Alles draait om technyk: dat wie it boadskip fan astronaut André Kuipers. Hy is foar it Wykein fan de Wittenskip op 'en paad yn Nederlân mei as doel bern entûsjast te krijen foar technyk.
André Kuipers kaam mei de helikopter oan op It Hearrenfean. Dêr hie gemybedriuw BASF de doarren iepenset foar de jeugd. Dy koene dêr ûnder lieding fan laboranten proefkes dwaan. Se koene sinnebrânkrêm teste op hoefolle uv-strieling it tsjin hâlde kin.
Ek wie der in mooglikheid om yn de kunde te kommen mei virtual reality.
Andre Kuipers op it Hearrenfean
Njonken BASF hiene noch sa'n 350 bedriuwen in iepen dei.