Harkemase Boys hellet mei 7-1 út tsjin Achilles '29

06 okt 2018 - 17:25

Harkemase Boys hat sneon yn de haadklasse mei grutte sifers wûn fan Achilles '29. Op sportpark De Bosk waard mei 7-1 wûn fan de klup út Groesbeek.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Friezen kamen nei in kertier op foarsprong troch in doelpunt fan Berwout Beimers. Flak foar it skoft kaam Achilles werom ta 1-1. Yn de twadde helte duorre it oant de 66ste minút foardat Harkemase Boys wer skoarde, doelpuntemakker wie wer Berwout Beimers.

Dêrnei wie de bear los. Yn de 69ste minút waard it 3-1 troch Jochem van Putten. Yn de 76ste minút skeat Kevin Mennega de 4-1 der yn.

Yn de 83ste en 87ste minút wie it wer Berwout Beimers dy't skoarde. En flak foar de ein sette Thomas Careman de thúsploech op in 7-1 einstân.

150ste kear

Foar Henny Bouius wie it in bysûndere wedstriid. It wie de 150ste kear dat er foar de Harkemase Boys útkaam.

(advertinsje)