Steuring leit ôffaloven Harns plat

De ôffaloven fan Omrin yn Harns is sneon oan it begjin fan de middei stillein. Neffens Omrin wie der in lekkaazje yn ien fan de stoomliedingen yn de oven.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Om de oven ôf te kuoljen is wetter op it fjoer spuite. Dat soarge foar in reekplom dy't út de skoarstien kaam. Neffens Omrin giet it hjir om stoom. It ferbrânen fan ôffal is fuortendalik stilset sa stelt Omrin yn in ferklearring. It wiete ôffal wurdt dan út de oven helle.
Omrin docht ûndersyk nei de oarsaak. Dêrnei wurdt de lieding reparearre en sil de oven op 'e nij opstart wurde.
De Harnzer aksjegroep Afvaloven Nee is poer op Omrin. Op Twitter skriuwe se dat it bedriuw omwenners fierstente let ynformearre hat oer de steuring.
Dat is tsjin de makke ôfspraken yn, skriuwt de aksjegroep. Oare minsken kleie ek oer stankoerlêst.