Fytsen, barbecues en túnstuollen: skjinmakaksje yn Fryske wetters is slagge

06 okt 2018 - 17:08

Yn Snits is 1.437 kilo oan swalkôffal út de grêften helle. Sneon hawwe dûkers, suppers, angelfiskers en oare frijwilligers ôffal út it wetter helle yn it ramt fan it projekt Skjin Wetter. Dat is in inisjatyf fan de Fryske Miljeu Federaasje, it Wetterskip en de alvestêdegemeenten.

Jonkjes fiskje byld út grêften Snits - Foto: Omrop Fryslân

De Fryske Miljeu Federaasje wol mei it skjinmakprojekt de Fryske wetters skjinner krije. Mar se wolle benammen ek alle minsken derop wize dat we net guod yn de grêften smite moatte.

Dûkferiening Moby Dick út Snits holp mei troch alles fan de boaiem te heljen. Oare frijwilligers hawwe mei boatsjes al it swalkôffal, dat oan de oerflakte dreau, derúthelle.

Ek yn Balk, Frjentsjer en Ljouwert hawwe in soad frijwilligers opromme. Hoefolle kilo oan ôffal oft dêr út it wetter helle is, is net bekend.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld wie yn Snits by de skjinmakaksje

(advertinsje)