Fryske darter Mats Gies pleatst him foar WK ûnder 23 jier

De Fryske darter Mats Gies hat him sneon pleatst foar it WK darts ûnder 23 jier. "It wie in hiele ferrassing, ik hie it net ferwachte" sei er nei ôfrin.
© Omrop Fryslân: Sjoerd Sijtsma
It dartseizoen sit der hast op, mar op dizze sneon koenen darters har noch kwalifisearje foar it WK ûnder de 23 jier. "Ik hie in goede dei. It gie lekker, de heale finale wie al wat pittiger en de finale wie wol spannend. Ik stie earst foar en doe kaam de tsjinstanner werom, doe wie it 5-5. Mar hy miste in pear pylken en ik goaide út, dus wûn mei 6-5."
Hy wie út de skroeven, mar moast him wol rêstich hâlde. "De regels by it dartbûn binne strang, mar ik fyn it geweldich dat ik my pleatst ha." Der wienen sa'n 40 jeugdige darters.
It WK is 4 novimber yn Ingelân. Dan binne der 72 dielnimmers. "It is dan wol in knock-out-systeem, dus ast ferliest, leist der fuort út."
De finale is yn desimber yn Londen.
Mats Gies