Learkrêft fan it jier: Fryske juf Petra Spithost is nominearre

Juf Petra Spithost fan de Burgerskoalle yn Dokkum giet op foar de titel fan learkrêft fan it jier. Dizze wike kaam it berjocht by de skoalle binnen dat de juf by de lêste tsien sit.
© Facebook Petra Spithost
Se is tige ferrast en bliid mei de nominaasje. Wat har te ferwachtsjen stiet, wit se noch net krekt, mar der moat in motivaasjebrief en in filmke makke wurde. En in faksjuery sil ek sjen nei hoe't se wurket.
De Friezinne bliuwt der nochter ûnder. "We gaan het wel meemaken, het is in ieder geval fijn dat er nu wat aandacht is voor de doelgroep hoogbegaafdheid, want daar bestaan veel misverstanden over". Se hopet dat mei har nominaasje in bytsje bydrage te kinnen oan it fuortnimmen fan dizze misfettingen.
Dejinge dy't útkeazen wurdt, krijt de titel 'Ambassadeur fan it (basis)ûnderwiis'. Wa't har opjûn hat, wit se net. Se tinkt de direkteur mei de bern.
Juf Petra Spithost
Juf Spithost jout les op de Burgerskoalle oan bern mei in heech IQ. Se is tige wiis mei har learlingen en neamt se sels 'skatsjes'. Se is hiel belutsen by har learlingen.
It lesjaan oan 'hoogbegaafde' bern is oars as lesjaan oan oare bern. Se tinke rapper en oars. It bern wurdt mear folge yn syn of har ferlet fan ûnderrjocht.
Juf Petra jout les oan in groep fan 12 learlingen.
Op 26 jannewaris wurdt de learkrêft fan it jier keazen op de Nederlandse Onderwijstentoonstelling.