Skiep fan Grutte Fryske Skieppekuier binne sneon yn Ljouwert oankaam
De 250 skiep, dy't ferline wike begûn binne oan in kuiertocht fan 100 kilometer, binne sneon yn Ljouwert oankaam.
De tocht begûn ferline wike yn Wynjewâld en einige dus yn de Fryske haadstêd. It doel fan de tocht wie om omtinken te freegjen foar de keppel yn Fryslân. De skiep rûnen alle dagen sa'n acht oant trettjin kilometer.
De skiep en de hoeders binne ûnderweis gjin problemen tsjinkaam. Allinnich yn Ljouwert moasten se der goed omtinke by it oerstekken fan it spoar Ljouwert-Grins. Op it stedhûs fan Ljouwert binne de bisten ûntfongen troch boargemaster Ferd Crone.