Amateurspylfilmfestival yn Snits giet ynternasjonaal

06 okt 2018 - 15:22

Yn Snits wurdt dit wykein foar de tsiende kear it nasjonaal amateurspylfilmfestival hâlden. En foar it earst sille dêr ek films út België te sjen wêze. Dêrmei krijt it festival op syn jubileumedysje yn CineSneek in ynternasjonaal karakter.

It festival is tsien jier lyn opset troch amateurfilmmakker Annet Lutz fan Snits. "Wij hebben echt een uniek festival. We zijn het enige amateurspeelfilmfestival van Nederland. Er zijn wel andere festivals, maar die zijn vaak veel breder van opzet of niet alleen voor amateurs."

Neffens Lutz giet it der benammen om de amateurs ris de kâns te jaan harren film op in bioskoopskerm te sjen.

Inisjatyfnimmer Annet Lutz - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Wytse Vellinga praat mei Annet Lutz

Snein wurde goed hûndert minsken ferwachte by it festival. Neffens de organisaasje is dat foar in amateurfilmfestival in hiele goeie opkomst.

(advertinsje)
(advertinsje)