Terpelânskip is de lêste 20 jier mear feroare as de 500 jier dêrfoar

06 okt 2018 - 14:50

It terpelânskip yn Noardwest-Fryslân is yn de ôfrûne 20 jier mear feroare as yn de 500 jier dêrfoar. Dat stelle ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins. Dy ha yn oparbeidzjen mei de ynwenners fan seis terpdoarpen, trije yn Fryslân en trije yn Grinslân, ûndersyk dien nei de ferhalen fan de bewenners oer it gebiet.

Foto: Omrop Fryslân

Beskerming tsjin bebouwing

It doel wie om dúdlik te krijen hokker parten weardefol binne en better beskerme wurde moatte tsjin bebouwing of de oanlis fan nije diken. Undersiker Jeroen Wiersma hat benammen sjoen nei it lânskip. Hy hat sjoen nei it doarpelint lâns de N357, de dyk fan Ljouwert nei Holwert.

Oan de seeside is it lânskip wêzentlik oars as oan de oare side fan de dyk. Wiersma konkludearret dat benammen de lêste 20 jier dat it lânskip bot feroare is. "Ja, as je it goed besjogge dan is it yn 20 jier mear feroare as de 500 jier derfoar. It lânskip sa't it dêr earder lei past ek net by dizze tiid. It wie fierstente wiet."

Ferhalen fan de terpen wurde bewarre

Ek wurde de ferhalen út de doarpen fêstlein. Sa is begjin 1900 yn Hallum in stik koper fûn. Ut ûndersyk docht bliken dat it in ûnderdiel is fan in fikinghelm. Dy is rekonstruearre en presintearre yn Hallum.

Neffens Wiersma is dit in moaie boarne foar ferhalen: "It is net dúdlik hoe't dat stik helm hjir kaam is. Wiene hjir Fikingen of wie it in betelmiddel? We witte it net, mar it jout minsken wol romte om der oer nei te tinken. Dat makket soks ek weardefol."

Trefwurden: 
RUG terpen lânskip
(advertinsje)