Nij Barrahûs yn Wolvegea iepene as earste Fryske IVF-klinyk

06 okt 2018 - 14:13

Nij Barrahûs yn Wolvegea is de earste echte IVF-klinyk yn Fryslân. Sneon is de klinyk offisjeel iepene troch boargemaster André van de Nadort fan de gemeente Weststellingwerf.

Foto: Omrop Fryslân

Algemien direkteur Bernard Wind fan Barrahûs yn Wolvegea

Nij Barrahûs wie al in fruchtberheidssintrum, mar op 1 july hat it ek in fergunning foar IVF-behannelingen krigen. Dat betsjut dat de klinyk it hiele reagearbuisbefruchtingstrajekt dwaan mei.

It sintrum gie sneon offisjeel iepen, mar yn de praktyk is it al in pear wike yn bedriuw. Algemien direkteur Bernard Wind fan Nij Barrahûs ferwachtet dat it tal kliïnten takom jier sa'n 300 oant 350 wêze sil. Dêrnei ferwachtet hy in tanimming fan sa'n 50 kliïnten yn 't jier.

(advertinsje)