Alde skoalle fan Wommels plat foar betelbere wenningen

06 okt 2018 - 13:09

It âlde Bogerman skoalgebou yn Wommels moat plak meitsje foar betelbere wenningen foar de jongerein. Doarpsbelang Wommels hat dêr in plan foar ûntwikkele, dat derfoar soargje moat dat de jongerein langer yn it doarp wenjen bliuwe kin.

Foto: Doarpsbelang Wommels

Foardat it safier is moat der ek noch wol flink ferboud wurde. Sa bliuwt yn de plannen allinnich it haadgebou fan de âlde skoalle stean, wylst de rest tsjin de flakte giet. It terrein dat sa frij komt moat romte biede oan tolve enerzjyneutrale wenten. Yn it part dat net sloopt wurdt, komme dan nochris njoggen apparteminten.

Soargen oer leechstân

It Bogerman yn Wommels hat yn augustus fan dit jier definityf de doarren ticht dien. It grutte gebou yn it sintrum fan it doarp kaam dêrby leech te stean. In grut punt fan soarch foar Doarpsbelang. "It is in byldbepalend gebou, dus we krigen fuort in soad fragen fanút it doarp oer wat hjir no barre soe en minsken woene graach mei prate", sa seit foarsitter Peter Meijlis.

It idee foar wenningen foar de jongerein kaam ek út it doarp. "Foar de simmer binne we der al mei oan de slach gien en no binne we safier dat we mei de gemeente om tafel kinne om te sjen wat der mooglik is."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Soad ferlet

Ynformaasjegearkomsten foar de jongerein waarden drok besocht. Neffens Doarpsbelang jout dat wol oan dat der in soad ferlet is fan dizze wenningen. Mar der moat earst noch wol jild op it kleed komme.

Yn totaal is der goed trije miljoen euro nedich. "We sille op syk moatte nei in projektûntwikkeler dy't mei ús dêr oan wurkje wol. Mar earst moatte wy noch tastimming hawwe fan de gemeente", sa seit Meijlis.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foarsitter Peter Meijlis fan Doarpsbelang Wommels

Doarpsbelang hopet dat de nije wenningen der ein takom jier al stean kinne, mar it is mar de fraach oft dat slagget. De gemeente Súdwest-Fryslân lit yn earste ynstânsje witte bliid te wêzen mei de plannen 'út de mienskip', mar dat it noch te betiid is foar in ynhâldlike reaksje.

Trefwurden: 
Wommels Bogerman jongerein
(advertinsje)
(advertinsje)