Agressive Amerikaan reden foar útfleanen fan Ljouwerter F-16's

06 okt 2018 - 12:22

De twa F-16's fan de fleanbasis Ljouwert dy't sneontemoarn betiid de loft yn moasten, diene dat om in fleantúch nei Schiphol te begelieden. Oan board wie in passazjier agressyf wurden.

F-16 - Foto: ANP

It fleantúch wie ûnderweis fan Abu Dhabi nei Amsterdam, doe't in 29-jierrige Amerikaanske passazjier troch it lint gie. De piloat hat doe kontakt op naam mei de loftferkearslieding yn Dútslân, om in koartere rûte te fleanen en earder te lânjen. De Dútsers ha de Keninklike Loftmacht op de hichte brocht en dy hat de F-16's der op ôfstjoerd.

De agressive passazjier koe oermastere wurde troch oare passazjiers en bemanningsleden. Inkelde passazjiers rekken licht ferwûne. Ienkear op de grûn is de fertochte út it tastel helle en is der oanjefte tsjin him dien. De saak wurdt fierder ôfhannele troch de maresjaussee.

(advertinsje)