Scooterrider spoarleas nei botsing mei fytser yn Oerterp

In scooterrider is freedtenacht útnaaid nei in botsing mei in fytser yn Oerterp. It ûngelok barde tsjin healwei twaen op de Selmien East. De fytser rekke ferwûne en is nei it sikenhûs brocht.
© Srfotografie
De scooter rekke skansearre troch de botsing, der leine brokstikken op de dyk, mar dochs koe de bestjoerder der nei de botsing fan troch gien. It slachtoffer koe gjin sinjalemint jaan, omdat de scooterrider in helm op hie.
De plysje hat noch nei de bestjoerder fan de scooter socht, mar hat dizze net oantroffen. De fyts is meinommen foar ûndersyk.