Ferlies tsjin FC Dordrecht is neffens trainer René Hake "Cambuur onwaardig"

06 okt 2018 - 10:15

Cambuur-trainer René Hake wie freedtejûn nei ôfrin fan de wedstriid tsjin FC Dordrecht swier teloarsteld oer de prestaasjes fan syn ploech. De Ljouwerters giene mei 3-1 ûnderút op besite by de hekkesluter fan de earste difyzje.

Foto: www.orange-pictures.nl

SC Cambuur begûn sterk mei in soad balbesit, mar dochs wie it Dordrecht dy't de iepeningstreffer makke. In ferklearring dêrfoar hat Hake wol. "Dan zijn we dus gewoon niet bij de les en niet agressief genoeg. Dan zijn we alleen maar aan het reageren en dat is precies datgene wat we niet moeten doen. We moeten anticiperen. Het betekent dat we de scherpte missen en dat mag natuurlijk nooit gebeuren."

Hake oer de wedstriid tsjin Dordrecht

Nei it skoft moast Cambuur in oar gesicht sjen litte. Dat barde earst wol, mar de Ljouwerters koene it net folhâlde. "We konden het niet meer compact houden", seit Hake. "En dan krijgen we nog een domme strafschop tegen en moet je alle zeilen bijzetten om een gelijkspel af te dwingen. Neffens Hake hat syn ploech dêrnei te folle en ûnferantwurde grutte risiko's nommen, wêrtroch't úteinlik ek noch de 3-1 foel.

Schilder nei de wedstriid tsjin Dordrecht

Ek oanfierder Robbert Schilder wie absolút net tefreden. "Slechter kan niet. Er gingen dingen in de basis echt verkeerd. Als basisdingen al niet goed gaan, dan ga je het natuurlijk ook tegen dit soort ploegen heel moeilijk krijgen en dan verlies je zelfs."

Neffens Hake moat der gau wat feroarje oan it spul fan syn team. Hoe't hy dat dwaan sil? "Continu er op blijven hameren en trainen, maar uiteindelijk ook ingrijpen als het nodig is. Het is gewoon Cambuur onwaardig."

(advertinsje)