Kollum: "Legacy? Yn 't bad"

06 okt 2018 - 08:38

"Dizze wike ha ik wer ris yn 't bad west. No net daliks tinke dat ik my oars net waskje, want dat is net sa. Ik gean gewoan net faak yn 't bad. Ik brûk de dûs. As je út in húshâlding mei trije bern en ien boiler fan 120 liter komme, begripe jim wol wêrom. Wy moasten opsjitte, net te folle wetter fergrieme en net omtyskje, want oars hie de lêste gjin waarm wetter mear. Dy boilers wienen sa ôfsteld, dat se nachts opwaarmen. Nachtstroom wie doe grif ek al goedkeaper.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Earlik sein fyn ik yn sa'n bad gean mar in dekadinte oangelegenheid. Op it momint dat ik de kraan iependoch en it skjinne, waarme wetter begjint te streamen, fleane der daliks bylden oan my foarby. Bylden fan meagere bern dy't kilometers rinne moatte om in pear liter wetter út in put te krijen. Of noch slimmer, bern dy't mei in treurich gesicht wetter út in smoarge wetterplasse skeppe, omdat der foar harren gjin skjin drinkwetter foarhannen is.

As je dan dat allegearre wat ferwurke ha en je ferdwine ûnder in laach badskom, is it earst noch wol aardich. Mar ik ha nei fiif minuten eins al skjin myn nocht. Dat is de neilittenskip fan wat we fan hûs út meikrigen ha. De legacy, om it mar ris yn tige hip en modern kultureel Frysk te sizzen.

Myn aard is fierstente ûngeduerich om in healoere of langer yn stadich kâld wurdend wetter te lizzen. As it skom ienkear oplost is, bliuwt der fierder ek net al te folle oer om mei aardichheid nei te sjen, sis no sels. It lokket net oan om lizze te bliuwen. Dus de stoppe der mar út en hupsakee, dêr fljocht alle skoandere wetter it rioel yn. Amper brûkt, want in dei earder hie ik noch yn de dûs west en echt smoarch binne je dan noch net. Wylst je it hast noch skjinne wetter fuortstreame litte, lykje de ferwitende blikken fan al dy earme bern út de tredde wrâld wol op de wite wand projektearre te wêzen. Dus mar gau de klean oan en oan it wurk.

Wêrom hellest dy fratsen dan út, hear ik jim sizzen. No, ik wie dizze wike net al te halich. Wat lêst fan de kiel en sa. Dus in bad mei eukalyptyske dampen like my wol in goed idee. Even stome, sei beppe altyd en dan ferdwûn se ûnder in teedoek boppe de Daalderop wettersieder. Ik smoarde der hast yn as ik dat besocht, mar yn in waarm bad wie myn oplossing.

No moat ik sizze dat it my neat opsmiten hat. Ik bin noch altyd snipferkâlden, boppedat skeat it my ek nochris yn de rêch by it ferlitten fan it op foarhân sa heilsume wetter. Nei in goede nacht sliepen is dat wer aardich bylutsen, mar it wetter rint my no oan alle kanten ta de holle út. Dus libje ik wat op in dieet fan paracetamol, want as in man ferkâlden is, is er eins al hast opjûn, sa slim is it.

Foarearst hâld ik it mar wer by de dûs. De legacy fan thús is soms sa min noch net."

(advertinsje)
(advertinsje)