F-16's fan fleanbasis Ljouwert sneontemoarn betiid yn aksje

06 okt 2018 - 08:17

Twa F-16's fan de fleanbasis Ljouwert moasten sneontemoarn betiid yn aksje komme, om it Nederlânske loftrom te ferdigenjen. Se giene om healwei sânen hinne de loft yn nei in oprop fan de loftmacht-gefjochtslieding. It is net dúdlik wat krekt de oanlieding wie. De fleantugen koenen nei tsien minuten weromkeare nei de fleanbasis.

F-16 - Foto: ANP

Meastentiids wurdt in saneamde alpha scramble dien as der in ûnbekend fleantúch boppe Nederlân waarnommen wurdt of as der net reagearre wurdt op de loftfeartlieding.

Foar de ferdigening fan it Nederlânske loftrom stean altyd twa bewapene F-16's paraat, 24 oeren deis en 7 dagen yn 'e wike. Dizze stean ôfwikseljend op fleanbasis Volkel en fleanbasis Ljouwert.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert F-16
(advertinsje)
(advertinsje)