Omrop TIP: De ferbylding fan it Waad

06 okt 2018 - 08:11

Fiif jier lang wurke in filmploech oan in unike natuerfilm oer it Waad. Fryslân DOK folge de ploech by dy opnames, somtiden ûnder barre omstannichheden, en makke dêr de dokumintêre 'De ferbylding fan it Waad' oer.

Fryslân DOK, De ferbylding fan it Waad - Foto: Omrop Fryslân

Natuer op de grins fan wetter en lân

Sawat fiif jier lang wie de filmploech fan Ruben Smit, bekend fan de natuerfilm 'De Nieuwe Wildernis', mei regelmaat op it Waad finen. Dêr waard de bysûndere natuer op de grins fan wetter en lân fêst te lein. Dat levere de unike natuerfilm 'WAD' op, dy't dizze hjerst yn de bioskopen draait.

Ekologen en wittenskippers as filmmakkers

Wat de film sa spesjaal makket is dat de makkers net filmers binne dy't de natuer fêstlizze, mar in ekologen en wittenskippers dy't filmje. Dat leveret in tige orizjineel byld op fan de natuer yn it Waadgebiet: sjoen troch it each fan de ekolooch en filme mei it hert fan de keunstner. Yn Fryslân DOK 'De ferbylding fan it Waad' de tastânkomming fan de de film 'WAD'.

De Fryslân DOK dokumintêre 'De ferbylding fan it Waad' is snein 7 oktober fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)