Rapper Fresku: "Nederland mag het Papiamentu wel meer promoten, net als Fries"

05 okt 2018 - 22:40

Hy fûn it in hiele eare om freed op te treden yn Lân fan taal yn Ljouwert. Oan de ein fan de premjêre fan de fjirde fideoprojeksje op de Aldehou fersoarge rapper Fresku út Eindhoven fan de trep fan Obe ôf in optreden yn it Papiamentu. Dat wie ek foar himsels in ferrassing.

Foto: Omrop Fryslân

Rapper Fresku oer it optreden yn Lân fan taal

"Iedereen stond eerst naar die mooie toren te kijken," sa fertelt Fresku. "Hij staat scheef, net als ik als ik op het podium sta. Maar gelukkig draaiden de mensen later om." Fresku, dy't offisjeel Roy Michael Reymound hjit, toande him in wier ambassadeur fan it Papiamintsk, it Frysk en meartaligens. "Nederland heeft vijf koningstalen, weet je. Het Nederlands is maar één van die talen. Net als het Fries verdienen ook het Papiamentu en het Sranan Tongo meer aandacht."

Kaai nei de roots

Fresku wenne as jonkje sân jier op Curaçao en hat doe it Papiamentu goed meikrigen. "Je taal is de sleutel naar je roots. Het Papiamentu is deel van mijn identiteit." Rappe yn de taal fan Korsou falt him lykwols net ta. "Ik ben gewend om in het Nederlands te rappen. Papiaments is een veel ingewikkeldere taal, maar ik ga er zeker mee door."

It begjin fan '1954' op de Aldehou - Foto: Omrop Fryslân

Beharkje ús reportaazje oer fideoprojeksje '1954'

Lêste projeksje op de Aldehou

De premjêre fan de fideoprojeksje '1954 - We zijn er bijna' luts freedtejûn in pear tûzen leafhawwers nei it Aldehoustertsjerkhôf. Wa't dat woe koe nei ôfrin harkje nei in wiidweidige útlis en fraach- en antwurdsessy mei de makkers.

De projeksje is makke troch de Karibyske performers VANTA yn gearwurking mei keunstnerskollektyf WERC út Grins en rapper Fresku. '1954' is ynspirearre op it Keninkryksstatút fan dat jier en lit teksten hearre yn de fiif keninkrykstalen, dy't elts ek in oar perspektyf sjen en hearre litte.

'1954' is de fjirde en lêste projeksje op de Aldehou fan Lân fan taal yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd.

(advertinsje)
(advertinsje)