Jouster museumwinkel giet as Delfts Blauw hûske de wrâld oer

De Witte Os fan De Jouwer komt daliks oeral op de wrâld yn kasten en op skoarstienmantels te stean. It gebou wurdt nammentlik yn it lyts in miljoen kear as Delfts Blauw reproduseaerre troch de KLM. De fleantúchmaatskippij jout de hûzen en in jier lang oan har bêste klanten.
Alle jierren wurdt op de jierdei fan de KLM in nij pân útsocht dat oan de karakteristike hûskekolleksje tafoege wurde sil. De hûskes mei sterke drank binne sammelobjekten en wurde al tsientallen jierren útdield ûnder de KLM-klanten.
Freedtejûn makke de lieding fan it bedriuw op 'e Jouwer bekend dat se dizze kear keazen hawwe foar museumwinkel De Witte Os. En dat is bêst bysûnder, want it is noch mar de fjirde kear dat in Frysk pân dizze eare krijt.
De Douwe Egberts museumwinkel krijt ek in rol yn in filmke dat yn alle fleantugen sjen litten wurde sil. Dit hat te krijen mei de deal dy't de fleanmaatskippij sluten hat mei de kofjemakker.
It is de bedoeling dat de Fryske kofje troch it folsleine bedriuw hinne skonken wurde sil. Dit betsjut dat net allinnich de gasten oan board tenei DE kofje drinke, mar ek it personiel.
Jouster museumwinkel giet as Delfts Blauw húske de wrâld oer