Cambuur mei 3-1 ûnderút op besite by hekkesluter FC Dordrecht

05 okt 2018 - 21:56
repo dordrecht cambuur

Sportklup Cambuur hat foar de tredde wike op rige net winne kind. No wie de nûmer lêst fan de earste difyzje te sterk foar de Ljouwerters.

Foto: orangepictures.nl

De Ljouwerters pakke de wedstriid fan it begjin ôf goed beet, en hawwe njonken it measte balbesit ek de earste grutte kâns. In foarset fan de linkerkant fan Justin Mathieu kin krekt net binnengliden wurde troch Kevin van Kippersluis.

Yn de 26ste minút is it lykwols Dordrecht dy't de 1-0 meitsje kin. Maarten Peijnenburg krijt de bal út in hoekskop foar de fuotten en yn twa ynstânsjes wurket hy de bal efter Cambuur-keeper Xavier Mous. It betsjut de 1-0. Cambuur besiket it dêrnei noch wol, mar kin neat klear krije. Ek Dordrecht krijt kânsen, mar de Ljouwerters hâlde de skea oant de rêst op 1-0.

Hake oer de wedstriid tsjin Dordrecht

Power yn de twadde helte

De Ljouwerters stelden bot teloar yn de earste helte. Dat boadskip lykje de spilers yn it skoft fan trainer René Hake te krijen, want Cambuur komt goed út de klaaikeamer. Nei fiif minuten yn 'e twadde helte wurdt it nammentlik 1-1. Tyrone Conraad kin úthelje fan sa'n tweintich meter ôf, en syn skot falt binnen yn de fierste hoeke.

Lang kin Cambuur allinnich net genietsje fan dy lykmakker. Nei in oere spyljen makket oanfierder Robbert Schilder in oertrêding yn it eigen strafskopgebiet, wat Dordrecht in penalty opleveret. Savvas Mourgos pakt dy bûtenkâns mei beide hannen oan en makket de 2-1. Op 'e nij moat de ploech fan Hake yn de efterfolging.

Dordrecht nimt it inisjatyf

Wêr't nei de goal fan FC Dordrecht in offinsyf fan Cambuur ferwachte wurdt, binne de grutste kânsen krekt foar de thúsploech. Mous kin in tal kear foarkomme dat de skea noch grutter wurdt foar Cambuur.

Yn de slotfaze giet it dochs noch mis. Mourgos kin syn twadde goal fan de jûn meitsje Hy set dêrmei de 3-1 einstân op it skoareboerd. It is foar Dordrecht de earste oerwinning fan it seizoen.

Schilder nei de wedstriid tsjin Dordrecht
(advertinsje)