Oranjefroulju begjinne play-offs mei winst op Denemarken

05 okt 2018 - 21:50

De Oranjefroulju, mei Sherida Spitse fan Snits en Loes Geurts fan Hichtum yn de basis, hawwe freedtejûn har earste play-off wedstriid om in ticket foar it WK yn Frankryk wûn fan Denemarken. Yn Breda waard it 2-0 troch goals fan Beerensteyn en Van de Sande.

Foto: Orangepictures.nl

De Oranjefroulju hawwe wat goed te meitsjen nei't se yn septimber yn Oslo sa dramatysk ûnderút giene, en dêrmei it direkte ticket nei it WK misrûnen. De wedstriid is dêrnjonken in moaie opstekker foar Loes Geurts, dy't nei in jier pauze wer ûnder de latte stean mei by de Oranjefroulju.

Identike oanfallen

Yn de earste helte al, nimt it team fan Spitse en Geurts ôfstân fan de Denen. Yn de 20ste minút is it in prachtige foarset fan Van de Sande dy't troch Beerensteyn binnenkopt wurdt, en yn de 42ste minút kin in hast identike oanfal fan de linkerflank soargje foar de 2-0. Dizze kear is it Van de Sande dy't de ûntfanger is fan in prachtige foarset.

Rêding

De Denen litte it der lykwols net by sitte. Fuort nei de 2-0 moat Loes Geurts yn aksje komme om in wis doelpunt fan Denemarken tsjin te hâlden. By in rommelige corner krije de Denen de kâns om it doel fan de Nederlanners ûnder fjoer te nimmen, mar mei in prachtige rêding foarkomt Geurts dat de besikers werom komme yn de wedstriid.

De latte

Yn de twadde helte moat Geurts meardere kearen yn aksje komme om de Denen fan it skoaren te hâlden. It binnelykwols de froulju fan Oranje dy't de grutste kânsen krije. Ald-Hearrenfean spits Vivianne Miedema krije dêrby de grutste kâns, as se ien op ien op de keeper ôfkomt. Har skot bedarret lykwols op de latte, en net yn it Deenske net.

De Denen komme yn de slotfase fan de wedstriid hiel tichtby de 2-1. Lokkigernôch foar de Oranjefroulju hawwe ek de Denen lêst fan de latte.

No tiisdei is de weromwedstriid yn Denemarken. Oranje moat dêr dus in 2-0 foarsprong ferdedigje, om noch kâns te meitsjen op in WK-ticket.

Trefwurden: 
Oranje frouljusfuotbal
(advertinsje)