Hieltyd mear BFVW-leden tsjin ljipaaisykjen

De leden fan it BFVW, it Bûn foar Fryske Fûgelwachten, binne bot ferdield oer de takomst fan it ljipaaisykjen. In mearderheid is noch foar de tradysje, mar dizze mearderheid nimt ôf. Dat docht bliken út in enkête dy't hâlden is ûnder de leden fan it bûn. In tredde part fynt it meinimmen fan de aaien efterhelle, in tredde is it om it even en de rest wol it lân wer yn.
© Vogelbescherming Nederland
BFVW-foarsitter Rendert Algra
It bestjoer fan it bûn wol graach de diskusje mei de leden oangean. Sa moat dúdlik wurde oft der foar dit jier wer in nije fergunning oanfrege wurde moat. De ôfrûne pear jier is dat net dien om't al dúdlik wie dat de kâns op sa'n ûntheffing hiel lyts wie.

Nijsgjirrige útkomsten

Begjin dit jier is dêrom ûnder de leden de fraach útset wat de rol fan it aaisykjen wêze moat. De útkomsten binne nijsgjirrich, sa seit foarsitter Rendert Algra: "As je it goed besjogge dan wol de mearderheid fan de leden dochs dat we in ûntheffing oanfreegje foar takom jier." In tredde part fan de leden dy't de fraach beäntwurde hat , fynt it meinimmen fan de aaien efterhelle, wylst in oar tredde fan de leden it om it even is, de rest wol it lân wer yn.

Hieltyd mear foar minder sykjen

Goed fjouwer jier lyn is sa'n selde enkête hâlden. Doe waard dúdlik dat in grutte mearderheid fynt dat it ljipaaisykjen by it BFVW heart. In kommisje binnen it bûn brûkt it advys fan de leden by it opstellen fan it nije beliedsplan. "De stimming ûnder de leden nimme wy hjiryn tige serieus," sa seit Algra. It is wol dúdlik dat hieltyd mear fan de leden ôfstân nimme wolle fan it meinimmen fan de aaien.