CDA docht net mei oan de Rôze Loper-aksje foar Coming Out Day

De Ljouwerter Riedsfraksjes fan D66, FNP, Gemeente Belangen, Lijst 058, PAL GroenLinks, PvdD en 50Plus rôlje moandei 9 oktober in rôze loper út foar it stedhûs. De riedsleden biede de loper oan boargemaster Crone en it kolleezje oan. Dit om omtinken te freegjen foar Coming Out Day 2018. It CDA lit eksplisyt witte net mei te dwaan oan de aksje.
LHBTI © ANP
De belutsen Ljouwerter riedsleden dy't meidogge oan de rôze loper-aksje, hope dat der yn neifolging fan Ljouwert op noch mear plakken yn de provinsje rôze lopers útrôle wurde. Ek it úthingen fan in reinbôgeflagge wurdt oanmoedige.

Diskriminaasje

It CDA Ljouwert fynt dat oare groepen passearre wurde as der allinnich in loper útrôle wurdt tsjin diskriminaasjes fan homoseksuelen. "Wij erkennen en betreuren dat er mensen in de Leeuwarder samenleving worden gediscrimineerd. Maar dit zijn niet alléén homoseksuelen, maar bijvoorbeeld ook vrouwen en gehandicapten, of discriminatie op basis van geloof. Wij zouden graag voor alle mensen de loper uitleggen en willen vlaggen, niemand uitgezonderd", seit Sytse Brouwer, fraksjefoarsitter fan CDA Ljouwert.
Ljouwert is sûnt 2008 in Reinbôgegemeente. Dit betsjut dat de gemeente yn oparbeidzjen mei oare Reinbôgegemeenten ôfspraken makket mei de oerheid om har yn te setten op it mêd fan feiligens, striidberens en sosjale akseptaasje fan LHBTI-boargers.
Coming Out Day is hjiryn in oanlieding om mei-inoar, sichtber in statement te meitsjen. Dit wurdt ûnder oare dien mei lokale bestjoerders dy't har dêrmei ambassadeurs toane foar de ferbettering fan de posysje fan LHBTI-boargers.